Seilen meitsje mei snijmasine

© Omrop Fryslân
De tinten en seilen fan seilmakkerij Dijkstra yn Grou wurde net langer mei de hân makke, mar mei de snijmasine. It giet om in revolusjonêre masine dy't mei in kompjûter oanstjoerd wurdt. De produksjetiid fan seilen en tinten wurdt koarter en ek binne der minder minsken nedich.
Ek sparret it materiaal út. Der binne foarearst gjin konsekwinsjes foar it personiel. Dijkstra ferwachtet mei de masine de produksje opskroeve te kinnen.