H'fean pakt GHB-gebrûk oan

24 jan 2009 - 10:00
  • It fermoeden bestiet dat der in soad GHB brûkt wurdt op It Hearrenfean

De gemeente It Hearrenfean wol wat dwaan oan it tanimmend gebrûk fan de drug GHB. Hoewol't der gjin eksakte sifers binne fan it gebrûk, tinke plysje en ferslavingssoarch dat de drug op It Hearrenfean it meast brûkt wurdt fan Fryslân. De oanpak giet yn gearwurking mei it jongerewurk, de ferslavingssoarch en de GGD. Mei dizze organisaasjes wurdt in plan fan oanpak makke. Dat wurdt de kommende moannen útwurke en er wurdt jild foar de útfiering socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)