Rjochter wurdt belangriker

23 jan 2009 - 21:46

De betsjutting en it belang fan de rjochter wurdt folle grutter omdat boargemasters hieltiden mear foech krije om djip yn te gripen yn de grûnrjochten fan minsken. In rjochter kin pas achternei bepale oft in boargemaster te fier giet.

Dat sei Haadoffisier fan Justysje Bronsvoort by it ôfskie fan rjochtbankpresidint Willem Hangelbroek. Bronsvoort is bliid dat der hjir gjin boargemasters binne dy't dêr as âlderwetske sherrifs mei omgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)