Ljouwerter juwelier oerfallen

23 jan 2009 - 21:07

In juwelierssaak op'e Nijstêd yn Ljouwert is freedtemoarn oerfallen troch trije manlju. Se kamen de saak binnen en bedrigen de eigner mei in mes.

Ien fan de mannen sloech in fitrine stikken en graaide der wat út. Dêrnei naaiden de mannen út yn de rjochting fan it Aldehoustertsjerkhôf. De plysje hat nei de oerfal in sykaksje en in buertûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)