Meispyljen Elm ûnwis

23 jan 2009 - 19:34

It is noch net wis oft Hearrenfeanspiler Viktor Elm sneon meidocht yn de wedstriid tsjin Roda JC. De Sweed wie ôfrûne wike wat siik en hat net meitraind.

Sneontemiddei wurdt bepaald oft hy meidwaan kin. Elm spilet dan op it middenfjild, omdat Mika Väyrynen skorst is. De jonge Yslanner Arnór Smárason stiet nei alle gedachten dan yn de spits. De nije oanwinst Patrick Ingelsten begjint op de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)