Rydstrook by Boalsert ticht

© Omrop Fryslân
De rjochter rydstrook fan de A7 tusken Boalsert en Nijlân is oer in lingte fan twa kilometer ôfsletten. Op dit stik dyk mocht al net hurder riden wurde as 90 kilometer yn't oere. De froast hie foar gatten yn it asfalt soarge.
Omdat it asfalt yntusken noch mear achterút gien is, hat Rykswettersteat it stik no hielendal ôfsletten. It soe net mear feilich wêze om te brûken. Allinnich de linkerrydstrook is te brûken.