Fryslân hat grypgolf

23 jan 2009 - 15:45

Fryslân sit offisjeel yn in grypgolf. Op dit stuit hawwe fan de 100.000 Friezen sa'n 160 de gryp. Nei alle gedachten leit it echte tal sike minsken flink heger omdat allinnich de minsken dy't by de dokter komme ek offisjeel registreard wurde.

Op guon skoallen binne mear as de helte fan de bern siik. Op it gemeentehûs fan Smellingerlân lizze 51 fan de 400 amtners ûnder seil. Neffens de GGD is de grypgolf twa wike earder as ornaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)