Crone: NUON-oandielen nei Ryk

Boargemaster Crone fan Ljouwert
It Ryk moat de NUON-oandielen oerkeapje fan provinsjes en gemeenten. Dat fynt boargemaster Crone fan Ljouwert. Crone docht syn útspraken net as boargemaster, mar as eardere PvdA-wurdfierder op it mêd fan enerzjy yn ´e Twadde Keamer.
As it Ryk de NUON-oandielen fan bygelyks de provinsje oernimt, hâldt de oerheid grip op it enerzjybedriuw, ek al wurdt NUON yn ´e takomst ferkocht oan in oar kommersjeel enerzjybedriuw.