Gedrachskampanje Arriva

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva begjint moandei mei in kampanje om treinreizgers oan te sprekken op harren gedrach. It triuwen by de doarren fan ´e trein stiet boppe-oan de list fan argewaasjes. Op plak twa stiet it yn- en útelkoar klappen fan fytsen yn in drokke trein en de tredde is it besethâlden fan in stoel mei bagaazje.
Arriva tinkt dat in soad reizgers harren net bewust binne fan sok ûnfatsoenlik gedrach. Mei de kampanje wol Arriva reizgers ´bewuster meitsje´.