Oanhâlding nei mishanneling

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (18) is tongersdei yn syn wenplak oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan fernieling en mishanneling. In oare Ljouwerter (23) fertelde de plysje dat yn 'e Bagijnestrjitte in groep jongeren guod fernielde en him slein en skopte doe't er der wat fan sei.
Doe't de plysje kaam gie it groepke fan fjouwer jongeren der fan troch. It slagge lang om let om de fertochte oan te hâlden. Hy is nei it plysjeburo brocht.