Strjitrôf yn sintrum Ljouwert

23 jan 2009 - 10:22

De plysje docht ûndersyk nei in strjitrôf dy't tongersdeitenacht plakfûn by it Mercuriusplein yn Ljouwert. In Ljouwerter (34) en in Dokkumer (24) binne troch de plysje oanhâlden.

In Ljouwerter dy't by de bank stie te pinnen, waard oansprutsen troch twa manlju. Der ûntstie in wurdewikseling, dêrnei waard it slachtoffer troch de manlju skopt en slein. De dieders namen syn jas mei en naaiden út mei de fyts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)