Eni wol Nuon oernimme

It logo fan enerzjybedriuw Eni
It Italjaanske enerzjybedriuw Eni soe Nuon graach oernimme wolle. Dat skriuwt de Volkskrant. De krante basearret him op boarnen dy't op de hichte binne fan de ûnderhannelings.
Neist Eni soene ek in Sweedsk en in Deensk enerzjybedriuw Nuon oernimme wolle. Nuon wurdt taksearre op in wearde fan sân miljard euro. De provinsje Fryslân is foar 12,6 persint oandielhâlder fan Nuon.