Ferwûne by ûngelok Surhuzum

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan De_Like yn Grinslân is tongersdei oerbrocht nei it sikehûs neidat er by Surhuzum belutsen wie by in ûngelok. De man waard yn syn auto op in krusing oanriden troch in automobilist út Warten. Dy fergeat de ynwenner fan ´e Like foarrang te jaan.
De auto fan de Liekster fleach troch de klap tsjin in beam. De man hat mooglik ynwindich letsel oprûn en waard dêrom oerbrocht nei it sikehûs.