Wer sels pinne op Grut Lankum

© Omrop Fryslân
GGZ-pasjinten dy´t ferbliuwe op de lokaasje Grut_Lankum yn Frjentsjer kinne wer sels jild opnimme. Ienris yn de wike komt der in spesjale bankbus fan de Friesland Bank op it terrein.
Guon pasjinten kinne net selsstannich de stêd yn om by in jildautomaat jild op te nimmen. Se kinne faak net mei jild omgean. Oant augustus ferline jier hie de Friesland Bank in lyts kantoarke op GGZ-terrein. De bankbus, mei dêryn in jildautomaat, sil dizze funksje no oernimme.