Poortje bij Hepkema´s Boskjes

Het Poortje: de knoop wurdt trochhakt
Jeugdfinzenis Het Poortje krijt in festiging flakby it klaverblêd fan de grutte dyk op It Hearrenfean. In mearderheid fan de ried kiest foar lokaasje A, flakby Hepkema´s Boskjes, en dus net foar it alternatyf by fastfoodrestaurant McDonald´s.
Het Poortje wol op It Hearrenfean in heal-iepen jeugdfinzenis delsette, dêr´t feroardielde jongeren holpen wurde har paad werom nei de maatskippij te finen. Omwenners binne benaud foar oerlêst.