Eilannen: Noardsee beskermje

22 jan 2009 - 22:19

Dútske Waadeilannen wolle har krekt as de Fryske eilannen ynsette foar it behâld fan de noardlike seeën. Se dogge dat troch har oan te sluten bij de KIMO. Dat is in ynternasjonale miljeu- en feiligensorganisaasje foar lokale oerheden dy't oan de noardlike seeën lizze.

KIMO wol him der foaral foar ynsette om fersmoarging fan de Noardsee tsjin te gean. Boargemaster De Hoop fan Amelân is foarsitter fan de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)