Dongeradiel: net weryndiele

22 jan 2009 - 21:17

In mearderheid fan de gemeenteried yn Dongeradiel is tsjin weryndieling mei Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Allinnich it ABD en de ChristenUnie stypje it foarstel fan boargemaster en wethâlders.

De measte fraksjes sjogge mear yn fierdergeande gearwurking fan de NOFA-gemeenten. Dat binne Dongeradiel, Kollumerlân, Achtkarspelen en Dantumadiel. De ried wie tongersdei foar it earst by-elkoar ûnder lieding fan de nije boargemaster Waanders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)