Soad folk by ried oer Poortje

22 jan 2009 - 20:50

Goed 300 minsken binne tongersdeitejûn op It Hearrenfean ôfkaam op de riedsgearkomste dêr't de lokaasje keazen wurdt foar jeugdfinzenis Het Poortje. Omdat net elk yn de riedseal koe, is in grut tal minsken ûnderbrocht yn in tsjerkegebou.

De gemeente hat ekstra maatregels naam om problemen foar te kommen. Der is bewaking ynset, sawol yn de riedseal as yn de tsjerke. De ried kiest út twa lokaasjes yn de wyk Hearrenfean noard-east.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)