Rjochtsaak opnij oanhâlden

Murkje de Vries waard deasketten yn Koatstertille
Yn de rjochtsaak tsjin de fertochte fan in deadlike sjitpartij yn Koatstertille ferline jier, wurdt opnij ûndersyk dien nei de ynfloed fan medisinen. De saak wurdt dêrom wer trije moanne útsteld.
De fertochte brûkte doedestiids antidepressiva. Saakkundigen binne it der net oer iens oft de man troch dy middels sa agressyf wurde koe, dat er dêrtroch ta syn die kaam is. De rjochter wol no dat de wurking fan dat middel ûndersocht ha.