Yllegale keten Dant´diel ticht

© Omrop Fryslân
Foar de ein fan it jier moatte alle yllegale jongereinketen yn Dantumadiel ticht wêze. It giet om keten yn Rinsumageast, De_Westereen en twa yn Driezum. Twa oaren meie tydlik iepen bliuwe oant der plak foar de jongeren is yn in offisjeel doarpshûs.
Yn De_Valom waard fan ´t simmer al yngrypt by in jeugdkeet. Boargemaster en wethâlders hawwe dêrnei wurke oan in notysje foar de gemeenteried. Dy nimt ein dizze moanne in definityf beslút.