Groei wurkleazens yn Fryslân

22 jan 2009 - 12:35

De wurkleazens yn Fryslân is de lêste moanne mei hast 1000 minsken tanaam. Dêrmei binne de negative gefolgen fan de kredytkrisis foar it earst te sjen op de Fryske arbeidsmerk. Dat makke it UWV Wurkbedriuw tongersdei bekend.

De groei fan de wurkleazens is benammen te sjen yn de bou-, technyk- en transportsektor. Benammen oannimmers, ynstallateurs, boufakkers, produksjemeiwurkers, sjauffeurs en laders&lossers skriuwe har op 't stuit yn by it UWV Wurkbedriuw yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)