49ste Caravana út ein set

22 jan 2009 - 12:19
  • Moaie campers op de Caravana

Yn it WTC Expo Center yn Ljouwert is tongersdeitemoarn de 49ste edysje fan de Caravana út ein set. Inkele hûnderten bedriuwen besykje dêr caravans, campers, tinten en fakânsjes te sliten oan de besikers.

It is de grutste Caravana út de skiednis. Noch nea wiene der safolle standhâlders. Dit jier 15 persint mear as ferline jier. Mear as 40.000 minsken sille har dêr nei ferwachting foarljochtsje litte oer de nijste snufkes foar de campers en de tinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)