Ten Rouwelaar held NAC Breda

22 jan 2009 - 10:41
  • Jelle ten Rouwelaar

Keeper Jelle_ten_Rouwelaar fan NAC Breda groeide woansdeitejûn út ta de held fan syn ploech. De âld-Jouster hâlde yn de bekerwedstriid tsjin FC Grins leafst fjouwer penalty's tsjin. Yn de ferlinging kearde hy earst in strafskop fan Marcus Berg.

De wedstriid draaide út op in searje strafskoppen en dêryn pakte Ten Rouwelaar nochris trije penalty's. NAC Breda stiet no yn de kwartfinale en is in mooglike tsjinstanner foar Sportklub Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)