Brêge by Wergea pleatst

22 jan 2009 - 10:27

Ien fan de lêste stikjes Steandemêstrûte by Wergea is no sa goed as klear. Tongersdei waard de Palma Brêge pleatst oer it nije kanaal oan de westkant fan Wergea. Yn maaie moatte boaten der ûndertroch kinne en auto's der oerhinne. De steandemêstrûte rint fan Ljouwert by Wergea del rjochting Grou en fierder.

Mooglik komme der noch buorden by de nije krúswetters te stean om yn elk gefal in part fan de boatsjeminsken rjochting doarp te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)