Nije farwei Drachten-Grins

© Omrop Fryslân
Der komt in farwei fan Drachten nei Grins. Dizze nije farwei, dy't 24 miljoen euro kostje sil, moat fan Drachten in wettersportstêd meitsje. Dat sei wethâlder Kuipers woansdei yn in kommisjegearkomste.
Neffens him hat út petearen bliken dien dat ek de provinsje Grinslân belangstelling hat foar sa'n nije farwei. De Grontmij hat in plan opsteld. Ien en oar sil neffens Kuipers úteinlik liede ta in flink tal nije banen