Undersyk kredytkrisis Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gefolgen fan de kredytkrisis foar Ljouwert moatte sa gau mooglik yn kaart brocht wurde. Dat wol de PvdA-fraksje fan de gemeente. De fraksje wol dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht nei de konsekwinsjes fan in mooglike delgong fan de wurkgelegenheid en wat der bart mei de wenningbou.
Dêrneist moat it kolleezje neitinke oer mooglikheden om de ekonomy en de wurkgelegenheid te stimulearjen.