Plannen foar park Haulerwyk

21 jan 2009 - 20:20

It park yn Haulerwyk moat wer in attraksje wurde foar jong en âld yn it doarp. Pleatslik Belang wurket oan plannen om it acht bunder grutte park oan de râne fan it doarp op te knappen. Op dit stuit lizze de paden der fertutearze by en komme minsken der allinich om de hûn út te litten.

Plattelânsprojekten ûndersiket de winsk fan it doarp op de helberheid. De gemeente Eaststellingwerf sjocht de plannen wol sitten, mar wol dat it doarp sels foar de kosten opdraaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)