'As' hat no lânskipsarsjitekt

© Omrop Fryslân
In kombinaasje fan twa buro's mei him fan 'e provinsje de kommende jierren dwaande hâlde mei de lânskipsarsjitektuer yn de streek dêr't de Sintrale As oanlein wurdt.
It giet om in buro út Amsterdam en ien út Utrecht. Se sille har dwaande hâlde mei saken as de foarmjouwing fan fiadukten, de beplanting en de ferljochting. Fiif buro's hienen har ynskreaun foar it wurk. De kombinaasje HNS/Next lânskipsarjitekten hat it wurk gund krigen.