Frou oanklage yn fâdijsaak

In unike saak tsjinnet woansdei by de rjochtbank fan Ljouwert. In frou út Frjentsjer wurdt oanklage om't se har eks-man net tastiet om harren soan te sjen. Neffens justysje is dat in misdriuw en dêr stiet in maksimum selstraf fan njoggen jier foar. De heit hat mei ferskate oanjeftes by de plysje de saak oankaarte.
Heit Peter Brons (41) út Burgum hat de saak oanspand, omdat syn eks-frou har net hâldt oan de omgongsregeling en hy syn 11-jierrige soan bot mist.