Fryslân:eksportgroei ferwachte

21 jan 2009 - 14:25

It Fryske bedriuwslibben ferwachtet yn 2009 in groei fan 10 oant 15 % helje te kinnen yn de eksport. Dat docht bliken út in enkête fan de Fryske Eksportklub fan de Keamer fan Keaphannel. Benammen de itensbedriuwen ferwachtsje net in soad lêst te hawwen fan de resesje.

Se tinke sels dat der kânsen lizze op ekstra groei, bygelyks yn East-Europa. Ek de Fryske metaalbedriuwen sjogge posityf nei de takomst yn de hannel mei it bûtenlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)