Plysje hâldt oerfallers oan

21 jan 2009 - 13:46

Mei de oanhâlding fan trije jonges yn Drachten hat de plysje in tal oerfallen oplost. It giet om twa jonges fan 17 jier en ien fan 18. Sy binne ferantwurdlik foar de oerfal op in bussjauffeur, in snackbar en in sigarehannel.

Omdat in tsjûge by dy lêste oerfal de plysje warskôge koenen de jonges oanhâlden wurde. Yntusken ha se neist de oerfallen ek ferskate oare saken bekend. De bút brûkten de oerfallers meastentiids foar it keapjen fan drank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)