Bruinja op kampanje yn Kollum

21 jan 2009 - 12:35

De Fryske dichter Tsead_Bruinja út Amsterdam, en earder fan Rinsumageast makket kâns om Dichter des Vaderlands te wurden. Derfoar is hy al wiken dwaande mei in kampanje en op de earste nasjonale foarlêsdei festige hy syn hoop op de bern.

Bruinja wie woansdei mei in tal oare dichters en skriuwers útnoege op syn âlde skoalle, de Professor Cazimierskoalle yn Kollum. Op 28 jannewaris wurdt live op tv bekend makke wa´t Dichter des Vaderlands wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)