GPS foar foarstel fisksteiger

21 jan 2009 - 10:27

In foarstel om in fisksteiger oan te lizzen yn Haulerwyk wurdt troch Eaststellingwerf beleanne mei in GPS-systeem. It idee waard troch in ynwenster fan Haulerwyk ynstjoerd by in ideëwedstriid fan de gemeente.

Eaststellingwerf skreau de wedstryd út fanwege it opstellen fan nije struktuerfyzjes foar de doarpen. It idee fan 'e ynwenster fan Haulerwyk waard lutsen út in grutte steapel. De frou krige har priis tiisdeitejûn útrikt by in riedsgearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)