Ynbrekker oanhâlden op Skier

© Omrop Fryslân
De plysje hat op Skiermûntseach in ynwenner (50) fan Delfsyl oanholden. De man wurdt fertocht fan it ynbrekken yn de supermerk yn it sintrum fan it doarp. Hy waard tiisdeitejûn betrape doe't it alaarm fan de winkel ôfgie.
De plysje fûn de man lizzend op 'e flier. Dat wie nei alle gedachten omdat er ûnder ynfloed fan drank wie. De man is tiisdeitejûn oerbrocht nei de fêste wâl en sit no fêst op it plysjeburo yn Ljouwert.