SC Hearrenfean nei kwartfinale

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat Feyenoord útskeakele yn de striid om de KNVB-beker. Hearrenfean wûn yn Rotterdam mei 3-0. Twa doelpunten waarden makke troch Viktor Elm, Roy Beerens makke de tredde.
Freed yn de kompetysje wie Hearrenfean ek al te sterk foar Feyenoord. Doe waard it yn it eigen Abe Lenstra stadion 3-1. Yn in healfolle Kuip makken de beide ploegen der tiisdei net in bêste wedstriid fan. Mar it swalkjende Feyenoord wie de minste.