Koereur Gerard List wer thús

20 jan 2009 - 22:35

Motorkoereur Gerard List dy't de 250cc klasse yn de Dakar-rally wûn is werom op Flylân. List die de ôfrûne pear wiken mei syn Yamaha motor mei oan de swierste rally fan'e wrâld. Dy waard dit jier net yn Afrika mar yn Súd-Amearika hâlden.

Tidens syn tocht moast hy mei syn motor sândunen fan mear as 400 meter heech betwinge. It wie List syn twadde Dakar-rally. At it oan him leit stiet hy ek by in folgjende edysje wer gewoan oan de start.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)