Boargemaster betellet boetes

© Omrop Fryslân
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Achtkarspelen betellet de parkearboetes dy't útdield binne by de gemeentelike nijjiersresepsje, út eigen bûse.
De plysje skreau fjouwer boetes út omdat de auto's fan besikers ferkeard parkeard stiene. 'Misplaatste dienstklopperij' fûn de boargemaster en frege de korpslieding de bonnen te ferskuorren. Van der Zwan fielt him ferantwurdelik omdat de gemeente net foar genôch parkearplak soarge hat.