Waanders ynstalleard yn Dokkum

Yn Dokkum is tiisdeitemiddei Marga Waanders offisjeel ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Dongeradeel.
De PvdA-er wol har ynsette foar it toerisme yn Dongeradiel en foar it behâld fan it sikehûs yn Dokkum. Dat sei se yn har earste taspraak. Ek wol se har bêst dwaan om Dokkum noch mear sintrumfunksje te jaan yn de regio.