Tsjerkebeslút Ljouwert útsteld

20 jan 2009 - 14:51

It is noch net dúdlik hokker protestantske tsjerken yn Ljouwert ticht gean. It definitive beslút hat de algemiene tsjerkeried moandei útsteld. De ried wol him earst beriede op de reaksjes fan de tsjerkegongers en fan de tsjerkerieden yn de wiken.

Tjerkeriedsfoarsitter Spies slút net út dat ynstee fan fjouwer noch mar trije tsjerken iepenbliuwe. Oer twa moanne falt it definitive beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)