Klappen foar bousektor

20 jan 2009 - 14:30

Fryske boubedriuwen ha ek bot te lijen fan de finansjele krisis. Dat seit brânzje-organisaasje Bouwend Nederland. Al in heal jier lang krijt de bousektor kwalik opdrachten foar nij wurk mear.

It tal boufergunnings dat ôfjûn wurdt is 30% minder as ferline jier, docht bliken út in rapport fan it Economisch Instituut voor de Bouwnijverheid dat tiisdei publisearre is. Neffens it EIB hellet it wurk net earder as yn 2012 wer oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)