Harlinger Belang freget jild

20 jan 2009 - 11:46

It bestjoer fan de politike feriening Harlinger Belang hat it kolleezje fan BenW fan de gemeente Harns om fiiftûzen euro subsydzje frege. It jild is bedoeld foar de kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings yn 2010.

Harlinger Belang fynt it net earlik dat lanlike politike ferienings wol subsydzje krije fan de Ryksoerheid en lokale politike ferienings net. Betingst is nammentlik dat partijen yn de Keamer fertsjintwurdige wêze moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)