MKB ferwachtet minder krisis

MKB ferwachtet minder gefolgen fan de krisis foar Fryslân
MKB_Fryslân ferwachtet dat de ûndernimmers yn Fryslân minder lêst hawwe sille fan de finansjele krisis as ûndernimmers yn oare parten fan it lân. Hy slút dêrmei oan by de útspraken fan professor Jouke_van_Dijk fan de Universiteit fan Grins. Yn Fryslân binne in soad taleveringsbedriuwen, mar dy wurkje benammen foar de agraryske sektor en de brânzje foar itensguod en dêr falle foarearst net de grutste klappen. Benammen de yndustry hat it dreech.