Lêste wike yllegaal skommelje

19 jan 2009 - 22:46
  • Noch ien wike kinne de bern hjir skommelje

De bern yn de buert fan de Emmakade yn Ljouwert kinne dizze wike foar it lêst yllegaal skommelje. De touter oan de beam moat derwei om´t de gemeente net oanspraaklik wêze wol foar ûngelokken. De bern boartsje op har eigen skommel om´t de boarterstún yn de buert net skjin is en der in soad omstippende jongeren binne.

Wethâlder Krol fan Ljouwert hat de bern tasein dat de boarterstún better skjin hâlden wurde sil en dat de hingjongeren oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)