Benzinefile op Flylân

Yn de file foar goedkeape benzine
De goedkeape gemeentlike benzine op Flylân wie moandei yn in pear oeren tiid útferkocht. De gemeente die de benzine yn de oanbieding, omdat dy ophâldt mei de ferkeap fan brânstof.
Moandei iepene in nije benzinepomp de doarren. Gewoanwei tanke eilanners in stik djoerder as op de wâl, mar foar de leechferkeap fan moandei gie de priis omdel nei 1 euro de liter. Om acht oere stie der in file foar de gemeentewerf.