Mear sjoggers Omrop Fryslân

De nije tv-programmearring fan Omrop Fryslân slacht oan. De omrop lûkt sûnt novimber ferline jier 15 prosint mear publyk en is no de bêst besjoene regionale omrop yn Nederlân. Wat it Fryske publyk foaral oansprekt, is de nije begjintiid. Al om 17.00 oere is der in Hjoed. Yn kombinaasje mei Hea! is dat in goed begjin fan ´e televyzjejûn.
Mei in trochsneeddeiberik fan goed 30 % fan ´e Fryske befolking sjogge alle dagen sawat 200.000 Friezen nei Omrop Fryslân Televyzje.