Jouster ûndersyk nei fúzje

19 jan 2009 - 10:54

Skarsterlân lit in ûndersyksburo besjen mei hokker gemeente it yn de takomst it bêste gearwurkje kin. De takomstperspektiven mei Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Hearrenfean wurde ûndersocht. De earste gemeenten hawwe Skarsterlân frege foar gearwurking of fúzje. Mei de gemeente Hearrenfean wurket Skarsterlân no al gear.

De ried fan Skarsterlân wol sa lang mooglik selsstannich bliuwe, mar wol mei it ûndersyk better foar eagen ha wêr´t de bêste mooglikheden lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)