Conficker ek warber yn Fryslân

19 jan 2009 - 10:17

It gefaarlike Confickerfirus is ek yn Fryslân al op ferskate kompjûters aktyf. Dat sizze kompjûtereksperts dy´t har dwaande hâlde mei it oprêden fan firussen. It firus is no twa wike aktyf en hat sûnt doe al 10 miljoen kompjûters oer de hiele wrâld ynfekteard.

It Confickerfirus komt deryn troch in gat yn de beskerming fan bestjoeringsprogramma Windows. Hy fertraget de kompjûter en blokkearret de antyfiruswebsides op ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)