Plysje hâldt drankriders oan

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht trije bestjoerders oanhâlden, dy´t smoardronken achter it stjoer sieten. In automobilist (39) út Noardburgum ried slingerjend oer de dyk op De_Harkema. Hy hie mear as fiif kear tefolle drank op. Syn rydbewiis en auto waarden yn beslach nommen.
Ek twa Ljouwerters rekken it rydbewiis kwyt. Yn Damwâld foel ek in man (54) op omdat er sa slingere. In Ljouwerter (24) moast blaze neidat er syn auto yn ´e Doelestege parkearde.