Kramer fjirde yn Súd-Afrika

Mariska Kramer
Mariska_Kramer-Postma fan Drachten is snein by de Half Ironman yn Buffalo City yn Súd-Afrika fjirde wurden. De Half Ironman is in heale triatlon mei 1900 meter swimmen, 90 kilometer fytsen en 21 kilometer rinnen.
Har tiid wie 05.02,18. By it swimûnderdiel koe Kramer de efterstân op de koprinster aardich beheind hâlde. Se kaam by it fytsen as sechde oer de streek. Troch har sterke rinûnderdiel waard se úteinlik fjirde.