Fûgels teld yn Fryslân

18 jan 2009 - 15:25

Mear as 300 frijwilligers ha sneon fûgels teld yn Fryslân. En dat diene se net allinnich. It giet hjir om ien fan de grutste jierlikse fûgeltellings, de midwintertelling. Dêrby wurdt benammen letten op wetterfûgels en dêrfoar is Fryslân in wichtich gebiet.

Ek yn it Waadgebiet ha minsken aktyf west. De midwintertelling is in ynternasjonale telling. Ek op oare plakken yn Europa, Afrika en sels yn Iran is der teld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)